Projektlieder De Friese Meren

Fúzjegemeente De Friese Meren hat in projektlieder oansteld. Han Hiemstra is dizze wike al útein set mei syn wurksumheden. Hy sil de kommende tiid it fúzjeproses begeliede.
De gemeenten Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân sille mei yngong fan 1 jannewaris 2013 opgean yn ien nije gemeente. Der ûntstiet dan in gemeente mei goed 50 tûzen ynwenners. Hiemstra hat al in soad ûnderfining yn it begelieden fan gemeenten yn in fúzjetrajekt.