Minder budzjet jeugdsoarch

Jeugdzorg Friesland hat in soarchlik jier achter de rêch. Op 35 miljoen moast 1 miljoen besunige wurde. It ynternaat Mooi Gaasterland bygelyks is ôfboud. Fyftich fan de 750 meiwurkers hawwe dien krigen. De soarch wurdt no hieltyd mear by de bern thús regele.
Neffens de foarsitter fan de Rie fan Bestjoer, Gabriël Anthonio, is de wachttiid troch burokrasy fierstente lang. Nettsjinteande minder budzjet is Jeugdzorg Friesland der yn slagge om yn 2010 dochs in protte bern te helpen.