Oan rekstôk foar kompjûter

07 des 2010 - 15:58

Epke en Herre Zonderland lieten tiisdei yn it gameship yn Ljouwert har rekstôkoefening ûndersykje op de kompjûter. Dat barde mei 20 ynfraread kamera's. De turners diene har oefeningen yn in pak mei saneamde markers. Alle bewegingen waarden yn de kompjûter fêstlein.

Bewegingswittenskippers kinne dêr kennis troch krije dy't bygelyks tapast wurdt by revalidaasje en training.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)