Langer TBS pensjonhâldster

07 des 2010 - 15:38

De 65-jierrige pensjonhâldster fan Eanjum dy't yn 1997 twa minsken ombrocht hat, moat in jier langer yn de TBS-klinyk bliuwe. Dat hat it Iepenbier Ministearje tiisdei easke yn de Ljouwerter rjochtbank dêr't de ferlinging fan it TBS-ferbliuw behannele waard.

Yn desimber 1997 waarden by it eardere stasjongebou yn Eanjum de lichems fan twa mannen oantroffen. De pensjonhâldster hie de mannen mei in hammer de harsens ynslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)