Leers: Afgaanse moat werom

© Omrop Fryslân
De minster foar ymmigraasje en asyl, Gerd Leers, fynt ek dat it Afgaanske famke Sahar net yn Nederlân bliuwe kin. Leers docht dy útspraak tiisdei yn De Volkskrant. Sahar wennet mei har famylje yn Sint Anne en giet nei it gymnasium yn Ljouwert.
Freondinnen fan it famke fiere fûl aksje om útsetting nei Afganistan foar te kommen. Ferline wike spruts de rjochtbank foar de fyfde kear út dat se werom moat nei har bertelân.