Histoaryske bile yn Makkum

Boargemaster Piersma bringt bile werom nei Makkum
De fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke dy't fan 1 jannewaris ôf fusearje, hawwe elk ek histoaryske objekten. Sa hat de gemeente Wûnseradiel in hiele âlde bile yn besit. Of hie yn besit. Want tiisdei is dy histoaryske bile troch boargemaster Theunis Piersma oerlange oan de Stifting Ald Makkum.
De bile krijt no in plakje yn it museum yn de Waach.