Wol ûntslach De Vries kezinen

De Vries Kozijnen op 'e Gordyk mei trochgean mei it ûntslach fan 124 wurknimmers. Dat is de útspraak dy't de rjochter yn Ljouwert dien hat. Wol meldt de rjochter dat de direksje fan De Vries Kozijnen de prosedueres net goed folge hat.
Benammen de Wet Melding Collectief Ontslag en de Wet op de Ondernemingsraden binne net neikommen. Dochs betsjut dat net dat de wurknimmers dêrom bliuwe kinne.