Frijwilligers snoeie wylgen

Wethâlder Boerema fan Kollumerlân sil sneon mei seis frijwilligers in tal wylgen snoeie oan de Kleasterwei yn Boerum. De gemeente wie eins fan doel om de beammen te kappen, mar dêr wiene de bewenners op tsjin. Sy wolle de wylgen behâlde en joegen by de gemeente oan wol meihelpe te wollen.
De beammen stean ticht by in tal útritten fan wenningen wêrtroch't der gjin goed sicht mear is op de dyk. De wylgen moatte dêrom faker snoeid wurde.