Digitale jeugdrieden nedich

07 des 2010 - 12:03

Om jongeren út de jeugdsoarch mear te belûken by saken dy't har direkt oangean, moatte der digitale jeugdrieden komme. Jongeren kinne dan fia hyves of twitter mei elkoar diskusjearje. Dat is ien fan de winsken dy't Jeugdsoarch Fryslân tiisdei yntsjinne hat by de provinsje.

In oar idee is dat gesinsfâden net allinnich op ôfspraak mar ek folslein ûnferwachte by gesinnen op besite gean. Op it listje stean meielkoar tsien winsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)