Fearboat botst op baggerboat

07 des 2010 - 11:35

De fearboat Sier hat tiisdeitemoarn in botsing hân mei in baggerboat. De oanfarring wie neidat de fearboat de haven fan Holwert útfearn wie. De krekte oarsaak fan de botsing is noch net bekend. Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de oanfarring. De fearboat hat skea oan de linkerfoarkant en oan de laadklep.

Op de fearboat wiene in hantsjefol passazjiers en fiif auto's oan board. De boat is weromfearn nei de haven en dêr binne de auto's derôf helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)