Caravan fan Sinteklaas stellen

07 des 2010 - 11:18

De plysje ûndersiket de stellerij fan in caravan dy't brûkt waard troch Sinteklaas. De caravan stie op it parkearterrein by it Van der Valkhotel yn Wolvegea.

Yn de caravan leine ferskate kado's dy't Sinteklaas noch thúsbringe moast by de bern. De Sinteklaasferiening Wolvegea hat oanjefte dien. De plysje slút de mooglikheid fan in âldjiersstunt net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)