Twa ferwûnen yn ferkear

07 des 2010 - 09:42

In ynwenster fan Dokkum is moandei op de Woudwei yn har wenplak ferwûne rekke. De 67-jierrige frou joech gjin foarrang oan in automobilist en waard troch him oanriden. De frou foel dêrtroch en is mei ferwûnings oan har skonk oerbrocht nei it sikehûs.

In famke fan 18 is moandei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. It famke waard op de Noarderdwersfeart te let sjoen troch in automobiliste en waard troch har oanriden. It famke foel en rekke dêrtroch licht ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)