De trijedaachse fan Kuiper

06 des 2010 - 19:25

Boargemaster Kuiper fan Skarsterlân nimt yn trije dagen ôfskied fan syn gemeente. Hy begjint mei it ôfskied fan de amtners fan de gemeente. In dei letter swaait de ried Kuiper út en op de tredde dei meie de ynwenners fan de gemeente delkomme.

Kuiper hat tweintich jier boargemaster fan Skarsterlân west. Hy is de langst sittende boargemaster fan Fryslân. Earder wie er wethâlder yn de gemeente Arnhem en boargemaster fan Muiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)