Heger berop Sweagerbosker

It iepenbier ministearje giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochtbank yn de saak tsjin de man út Sweagerbosk. Hy krige fjouwer jier om't er yn jannewaris mei in mes yn 'e hannen de skoalle fan syn bern op It Hearrenfean yn drige te fallen.
Der wie trije jier selstraf mei TBS easke. De rjochter lei him gjin TBS, mar in ambulante behanneling op. It iepenbier ministearje tinkt dat de man net sûnder TBS-behanneling de maatskippij wer yn kin en giet yn berop.