Ferkeap Lindenoord yn ried

06 des 2010 - 15:06

De ferkeap fan Huize Lindenoord yn Wolvegea wurdt moandeitejûn yn de gemeenteried fan Weststellingwerf behannele. Prominente Wolvegeasters binne tsjin de ferkeap fan it monumintale gebou út 1778. Se hawwe fjouwerhûndert hantekens ophelle.

De gemeente woe it gebou ferhiere, mar dat slagge mar net. In besikerssintrum komt der ek net. De antykreakferhier kostet de gemeente 35.000 euro yn it jier oan ûnderhâld en ferwaarming. Dêrom wolle se it ferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)