TNT-staking 'helpt' regiopost

Regionale postbedriuwen yn Fryslân profitearje flink fan de stakings by TNT Post. Troch de eardere stakingsdagen en de driigjende stakings krije de bedriuwen oant 20 prosint mear opdrachten. It giet dan benammen om gruttere opdrachten en net om krystkaartsjes.
De lokale postbedriuwen dy't ek inkele krystkaarten besoargje fernimme ek dat it drokker wurdt. Moandei wurdt bekend oft postboades fan TNT fan woansdei oant freed it wurk dellizze sille.