Drokte by earste help
De Fryske sikehuzen hawwe it drok mei slachtoffers fan falpartijen troch de glêdens. Yn Snits rekken 21 minsken mei ferwûnings yn it sikehûs. It sikehûs fan Drachten krige dit wykein 25 falslachtoffers te behanneljen. Yn de measte gefallen gie it om brutsen polzen en ankels.
Yn Ljouwert leit it tal slachtoffers troch glydpartijen op fjirtjin en op It Hearrenfean op fyftjin. Yn Dokkum wie it snein mei njoggen bonkebreuken drokker as oare sneinen.
Trefwurden:
argyf