Bedriger oppakt yn Ljouwert

In 47-jierrige Ljouwerter is oanhâlden foar bedriging nei in melding dat der yn de Huzemerstrjitte ien mei in bile rûn. Doe't de plysje dêr kaam, die bliken dat de fertochte mei in stien in rút fan 'e buorlju fernield hie. Hy hie ek mei in stôk op 'e doar slein. Dêrnei hie er drige mei de stôk. It is noch net dúdlik wêrom't er dat die.
De plysje hat de foardoar fan it hûs fan de fertochte iepenbrutsen, omdat it ûndúdlik wie oft er in bile hie. De Ljouwerter sit fêst foar ûndersyk.