Hinder troch glêdens

06 des 2010 - 09:51

Troch de glêdens hat it ferkear in soad hinder hân. Yn wenwiken en op lytse dykjes is it sjippeglêd. Ferkear de provinsje út hat ek hinder. De A6 wie moandeitemoarn oerenlang yn beide rjochtings ôfsletten nei ûngelokken. De stremming is opheft foar ferkear nei it suden. Ferkear dat nei Fryslân ta moat, wurdt omlaat oer Zwolle.

Earder fannacht wiene der ek yn Fryslân tal fan ûngelokken. By Surch rekken twa minsken slim ferwûne doe't se mei in bestelbus oer de kop sloegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)