Stilsette gemaal goed foar iis

05 des 2010 - 16:06

It nut fan in farferbod en it stilsetten fan de gemalen is bewiisd, by de koarte winter dizze wike. Dat fynt foarsitter Jan Oostenbrug fan it Frysk IIsbûn. Neffens him lei der mear iis yn de Ie tusken Ljouwert en Dokkum yn ferliking mei de 64 winterdagen fan ferline jier.

In wike lyn waarden de maatregels nommen. Snein hat Wetterskip Fryslân besletten om de gemalen wer op te starten, om't it peil yn guon polders te heech waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)