Hynders troch it iis by Wergea

(foto: Jaap Anema 112nederland.nl)
By Wergea binne sneintemiddei trije hynders troch it iis sakke. De brânwachten fan Grou en Ljouwert kamen om te helpen. Doe't de earste helpferlieners oankamen, wie al ien hynder út de sleat.
De twa oare bisten binne der dêrnei úthelle mei help fan in trekker. Ien bist siet djip fêst. Nei in kertier wiene alle bisten rêden.