VFG: stimme mei kompjûter

05 des 2010 - 15:27

By de provinsjale steateferkiezings moat wer mei kompjûters stimd wurde. Dat skriuwt de feriening fan Fryske gemeenten (VFG) oan de minister. Neffens it gearwurkingsferbân fan gemeenten wurde mei stimbiljetten te maklik flaters makke.

De lanlike feriening fan gemeenten (VNG) komt mei de oprop om de stimburo's in oere earder te sluten. De leden fan it stimburo ha dan mear tiid en rêst om te tellen. De ferkiezings binne op 2 maart 2011.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)