Gefaar troch grize stjitbannen

05 des 2010 - 12:58

Lemsterlân moat gau wat dwaan oan gefaarlike situaasjes op parkearplakken. Dat fynt de fraksje fan de NCPN. Benammen foar fuotgongers ûntstiet gefaar troch de grize stjitbannen dy't op dy parkearplakken lizze. Neffens de NCPN binne minsken ferwûne rekke nei't se oer de stjitbannen stroffelen.

Troch se in kleur te jaan, soene de risiko's folle lytser wêze. It kolleezje woe dêr earder net oan, om't griis better by de omjouwing passe soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)