Wetterskip set gemalen oan

05 des 2010 - 11:36

Wetterskip Fryslân begjint snein foarsichtich mei it meallen fan wetter út de polders. Dat is nedich om't der aardich wat snie fallen is en it no wer teiwaar is. It wetterskip hat dêr oerlis oer hân mei iisferienings dy't toertochten op natueriis organiseare.

De ferwachting is dat de temperatuer ek de kommende dagen boppe it friespunt leit. It wetter yn de Fryske boezem komt dêrtroch yn beweging, mar it is noch net dúdlik oft ek dat ôffierd wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)