Soli Brass Ljouwert 4e op NBK

05 des 2010 - 02:24

De 30ste NBK yn Martiniplaza fan Grins is sneon wûn troch Brassband Schoonhoven. Dizze band behelle 95 punten op it ferplichte wurk 'Within Blue Empires' fan de komponist Paul Lovatt-Cooper.

Bêste Fryske brassband wie Soli Brass fan Ljouwert ûnder lieding fan dirigint Frans Aert Burghgraef. Mei 91 punten waard it in fjirde plak. Om 18.00 oere snein mear oer de Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn it radioprogramma Muzyk Maskelyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)