Plysje fynt harddrugs

Der binne freedtenacht rûnom yn de provinsje trije minsken oanhâlden mei harddrugs by har. Yn Ljouwert waard in Ljouwerter (30) oanhâlden mei twa wikkels mei kokaïne by him. De man sit noch fêst. In Drachtster (37) waard oanhâlden om't er speed en kokaïne by him hie. Ek dizze man sit noch fêst.
In Hearrenfeanster (19) waard troch befeiligers fan in hoarekagelegenheid oanhâlden en oan de plysje oerdroegen. Hy hie speed en GHB by him. Hy moat him foar de rjochter ferantwurdzje.