Webside Frysk lêzen foar bern
Der komt in nij projekt om mear bern de Fryske taal by te bringen. It idee is fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op de webside www.fryskprinteboek.nl kinne bern yn de kunde komme mei ferhalen, mearkes en leginden yn it Frysk.
Bern kinne ek har eigen ferhalen kwyt op de side. Dêrfoar meitsje se ûnder oare in filmke en in tekening. It projekt kin ek goed brûkt wurde yn it ûnderwiis.