Man (37) ferwûne nei fal

By wurksumheden oan in flat op it Raadhuisplein yn Drachten is sneontemoarn in 37-jierrige man út De Pein fiif ferdjippings nei ûnderen fallen. De helptsjinsten, wer ûnder ek de traumaheli, binne massaal útrukt. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Grins brocht.
It slachtoffer, in selsstannige boufakker, wie foar de helpferlieners min te berikken om't hy op in dak fan in gebou ûnderoan de flat fallen wie.