SC Cambuur net foarby MVV: 2-2

Sportklup Cambuur hat yn in wedstriid dy't nea spile wurde mocht hie, mei 2-2 lykspile tsjin MVV. Skiedsrjochter Ketting karde it fjild goed, mar nei ôfrin wiene de spilers dêr min oer te sprekken. 'Het veld was een levensgevaarlijke ijsbaan, dit sloeg nergens op', sa liet Sandor van der Heide witte.
Foar Cambuur skoarden Kevin Diaz en Van der Heide. Lloyd Borgers makke de twa doelpunten fan MVV. Guijt en Hese rekken foar Cambuur noch latte en peal.