Man oer de kop mei auto
In automobilist is freedtemiddei licht ferwûne rekke by in ûngelok op de Grinzerstrjitwei krekt bûten Ljouwert. De man ried rjochting Hurdegaryp en hie nei alle gedachten troch de glêdens syn auto net mear ûnder kontrôle.
De bestjoerder sloech mei syn auto oer de kop. De man koe sels út syn auto komme. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.