Tresoar: Alice in Wonderland

03 des 2010 - 17:05

By Tresoar gean freed in 200 boeken fan Alice yn Wonderland troch de hannen fan de meiwurkers. It histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert hat de bysûndere kolleksje krige út de neilittenskip fan Tiny Mulder. De skriuwster ferstoar begjin novimber. Se hie de boeken oan Tresoar fersein.

Tresoar sil de boeken no tiisdei útstalle op in spesjale jûn oer Tiny Mulder. Tiny Mulder hat sels Alice in Wonderland oerset yn it Frysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)