Man ûnder brêge weihelle

03 des 2010 - 16:41

De brânwacht hat yn de Griene Stjer by Ljouwert in man ûnder in brêge weihelle. Syn hûn wie troch it iis sakke en hy gie derachter oan. De man klom nei ûnderen en wist de hûn út it wetter te krijen. Sels koe er lykwols net mear omheech klimme. Hy gie doe mar op it houtwurk sitten. Syn fuotten hongen yn it iiskâlde wetter.

Nei in koarte syktocht wist de brânwacht de man te finen. Mei in ljedder koene se him omheechhelje. De man is thúsbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)