Reprise Lange Frans yn Lawei

© Omrop Fryslân
Rapper Lange Frans stiet op tiisdei 14 desimber yn teater De Lawei yn Drachten. It konsert soe yn oktober plakfine, mar waard doe annulearre. Dat kaam om't de frou fan Lange Frans oppakt wie troch de plysje, in pear dagen foar it optreden fan de sjonger. Syn frou hie in pistoal by har.
De kaarten fan it doe ôfseine konsert binne noch gewoan jildich. Minsken dy't foar it konsert kaarten hiene, krije persoanlik berjocht fan it teater.