RUG ûndersiket terpen

© Omrop Fryslân
De Ryksuniversiteit Grins docht de kommende jierren mear ûndersyk nei de terpen yn Fryslân. Dat moat in better byld opsmite hoe't it libben yn de provinsje tûzen jier lyn wie. Dat seit projektlieder Johan Nicolay fan de opgravings by Eanjum.
Yn 2006 waard grut ûndersyk dien nei de terp by Eanjum. De resultaten binne bundele yn in boek dat freed presentearre is. It ûndersyk levere in tal nijsgjirrige nije dingen op oer it libben fan doe.