Twa ferwûnen by Burdaard
Twa minsken binne freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Burdaard. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke in bestjoerder op de Iedyk mei de auto yn in droege sleat.
De bestjoerder en de passazjier kamen troch it ûngelok klem te sitten. Se moasten der troch helpferlieners úthelle wurde. De slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.