Dochs stek om iisbaan Boalsert

03 des 2010 - 14:37

Yn Boalsert is in stek pleatst om de iisbaan hinne. It soe gean om in tydlik stek oant maart fan boubedriuw Jorritsma. De iisferiening en de gemeente hawwe al sûnt in skoft spul oer de iisbaan.

De iisferiening wol út feiligens en tsjin fernielings dat der in stek komt. De gemeente wol dat net. It bestjoer fan de iisferiening hat dêrom de ferantwurdlikens foar de baan by de gemeente dellein. Dy hat Jorritsma Bouw it stek pleatse litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)