Brân troch houtkachel
Yn in frijsteand wenhûs oan de Feartswâl op De Harkema is om kertier oer alven freedtemoarn brân útbrutsen. It fjoer ûntstie yn de houtkachel op de ûnderferdjipping. Der kaam in soad reek frij. De reek kaam ek ûnder it dak wei.
Ien fan de bewenners fan it hûs hat reek ynaseme. De ambulânse is oanwêzich om de man te helpen.