Brêgewipper ûnterjochte oppakt

Brêgewippers moatte tenei witte dat plysje yn needgefallen yn oantocht is. Dat is ien fan 'e oanbefellings fan in ûndersykskommisje nei in konflikt. In brêgewipper yn Ljouwert waard oppakt om't er de Hermesbrêge net tichtdwaan woe foar in plysje. Dy moast nei in kollega yn need. De brêge koe sa gau net ticht, om't ûnderyn minsken ûnderhâldswurk diene.
It konflikt is ûnderling oplost, mar in spesjale kommisje moat sokke gefallen yn 'e takomst tefoaren komme.