Joadske man bedrige

03 des 2010 - 11:20

De plysje yn Balk ûndersiket de bedrigings oan it adres fan in 65-jierrige man út dat plak. Dy seit dat er om syn Joadske identiteit bedrige wurdt. De man kriget driichbrieven, der binne heakkekrusen op syn ruten set en ûnbekenden hawwe in fjoerwurkbom by syn hûs ûntploffe litten. Fierders soe ek op him sketten wêze.

De plysje nimt de saak heech op en wol graach witte wa't achter de bedrigings sit of sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)