Reedrider ferwûne by fal
In 57-jierrige reedrider út Harns is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de iisbaan oan de Achlumerdyk. De man gie ûnderút en foel mei de holle op it iis.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.