Jonge (13) ferwûne by botsing

03 des 2010 - 09:55

In 13-jierrige jonge út Wynjewâld is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Feart Westside yn Donkerbroek. It jonkje waard oanriden troch in 60-jierrige automobilist út Donkerbroek. It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle en is nei it sikehûs yn Drachten brocht.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de oanriding.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)