JSF opnij djoerder

De opfolger fan de F16, de JSF, wurdt nochris 1,4 miljard euro djoerder as earder tocht. Dat docht bliken út in brief fan minister Hans Hillen fan Definsje oan de Twadde Keamer. Nederlân gie yn earste ynstânsje út fan in bedrach fan goed 6 miljard. De priis giet dus mei goed 20 persint omheech.
It is noch hieltyd net dúdlik oft Nederlân meidocht oan de JSF. Der is al wol besletten om mei de ûntwikkeling mei te dwaan.