Gebou CJIB hjit Wester State

Nijbou CJIB berikt heechste punt
It nije gebou fan it CJIB krijt de namme Wester State. It gebou fan it Justisjeel Ynkassoburo hat tongersdei it heechtste punt berikt.
De oerheidsynstelling dy't ûnder oare alle ferkearsboetes ynkassearret wurdt hieltyd grutter en dêrom is der ynkoarten net mear genôch plak foar alle wurknimmers. Nei ferwachting kin it CJIB Wester State yn 2012 yn gebrûk nimme.