Ljouwert wol alles mei LED

Op termyn wol Ljouwert alle âlde strjitferljochting yn de gemeente ferfange troch LED-ferljochting. Dat sei wethâlder Koster tongersdei by it yn gebrûk nimmen fan LED-strjitferljochting oan de Heliconwei.
Ljouwert is dêrmei de earste gemeente fan Nederlân mei dizze sunige ferljochting oan in trochgeande dyk. Oan de Heliconwei steane ljochtmêsten dy't fûler brâne as der mear ferkear delkomt, bygelyks yn de spits. LED is 30 persint suniger as in gewoane lampe.