Aksjedriging by glêsfabryk AGC
Der driigje aksjes by glêsfabryk AGC yn Easterwâlde. Meiwurkers hawwe in CAO-bod fan de direksje ôfwiisd.
Ofrûne woansdei drige de direksje ynvestearrings yn it fabryk werom te draaien as it personiel net akkoart gean soe mei it CAO-bod foar fleksibel wurk. De bûnen binne min te sprekken oer de opstelling fan de AGC-lieding. Nije wike sille se prate mei de wurknimmers oer mooglike aksjes.
Trefwurden:
argyf