Noch gjin problemen troch snie

Sâltstruier oan it wurk
It ferkear yn Fryslân moat tongersdeitejûn rekken hâlde mei lichte sniefal. Op it stuit lûkt der in sniefront oer de provinsje hinne, dêr't benammen it noarden lêst fan hawwe kin.
De provinsjale diken wurde yn de hiele provinsje struid. Hoewol't it hjir en dêr glêd is hat it waar noch net foar grutte problemen soarge.