Sleijfer fuort by SC Cambuur

02 des 2010 - 19:54

Wim Sleijfer nimt nei dit jier ôfskied as foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan Sportklup Cambuur. Dat makke hy tongersdeitejûn bekend yn it Boppeslach Kafee.

Neffens Sleijfer is it tiid foar farsk bloed binnen it Cambuur-bestjoer. Hy jout wol oan dat hy net earder opstapt as dat de finansjele problemen fan de klup oplost binne. Op 15 desimber moat der in rêdingsplan wêze, dat ek op stipe fan de gemeente Ljouwert rekkenje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)