Gjin WK fuotbal yn Fryslân

It WK fuotbal 2018 is oan de Russyske federaasje tawiisd
It wrâldkampioenskip fuotbal komt yn 2018 definityf net nei Nederlân en België. En sadwaande ek net nei It Hearrenfean en it Abe Lenstrastadion. It kampioenskip sil hâlden wurde yn Ruslân. Sa hat FIFA-baas Blatter tongersdei bekend makke.
De útslach fan de stimming waard fol spanning folge op it gemeentehûs fan Hearrenfean. Hearrenfean hâlde der rekken mei dat it WK wol nei Fryslân komme soe en hie dêr ek stevich yn ynvesteard.