NS: stasjon Ljouwert gesellich
De NS lûkt alles út de kast om it Ljouwerter treinstasjon yn desimber sa gesellich mooglik te meitsjen. Fan 11 oant 18 desimber sille der op ferskate dagen ûnder oare in iisbaan, in krystmerk en in DJ te finen wêze.
De NS hopet sa it imago fan de stasjons wat op te krikken. Want it stasjon wurdt noch faak sjoen as in kâlde, keale wachtromte.