Earste Fryske e-book útkommen
Utjouwerij Elikser út Ljouwert komt mei it alderearste Fryske E-book. It giet om it boek Griene Simmer fan skriuwer Bart Kingma. In E-book is in boek dat je lêze kinne op in draachbere kompjûter, lykas de E-reader of de iPad.
It boek kin delhelle wurde op de webside fan Elikser en is gaadlik foar sawol de E-reader as de iPad. De elektroanyske ferzje is goedkeaper as de papieren ferzje. Elikser wol mear E-booken útbringe.
Trefwurden:
argyf